Brêge Koatstertille wer iepen

25 okt 2013 - 17:19

De brêge by Koatstertille sil yn de rin fan freedtejûn wer iepen gean foar autoferkear. Dûkers fan de technyske tsjinst fan de provinsje hawwe de skea oan de brêge ûnder wetter besjoen en konkludearje dat der gjin gefaar is. De brêge rekke tongersdeitenacht stikken doe't in tanker der tsjinoan fear. It skip rekke earst de houten peallen flak foar de brêge en dêrnei in pylder. Dêrtroch rekke it brêgedek sintimeters ûntset. Wol sil de brêge tichtbliuwe foar skipferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)