Brêge Koatstertille ticht

20 apr 2014 - 08:51
  • De brêge by Koatstertille rekke stikken nei de oanfarring

By Koatstertille is snein de brêge oer it PM-kanaal de hiele dei ticht foar it ferkear. Oan de brêge wurdt wurke, om de skea fan in oanfarring te werstellen. Yn oktober fear der in tanker tsjin de brêge oan, doe binne der skuorren kaam yn de fundearring fan ien fan de pylders. Dêrom jilde al in skoft beheinings foar swier ferkear. Snein moatte auto's de hiele dei omride oer Skûlenboarch of Blauforlaet. Foar fytsers en fuotgongers fart der in pontsje.

Op Peaskemoandei om 8.00 oere giet de brêge wer iepen foar ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)