Brêge Frjentsjer letter klear

12 des 2006 - 10:45

De bou fan de brêge oer de Salverderfeart yn Frjentsjer duorret langer as it doel is. De ûndergrûn fan it middenstik is net sterk genôch.

De brêge soe dizze moanne klear wêze, mar dar slagget net. Hy moat de Bangabuert better ûntslute. De strjitten fan dy foaroarlochske buert binne te smel, benammen foar frachtferkear. De bewenners fan de wyk hawwe jierren fochten foar in bettere tagongsdyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)