Brêge Easterlittens wer makke

24 jul 2013 - 14:27
  • Brêge Easterlittens kin net mear iepen

De brêge oer de Frjentsjerter Feart yn Easterlittens is wer makke. Dat meldt de provinsje. De brêge wie sûnt moandei stikken. Dêrtroch koene boaten net troch it doarp farre en by kemping It Krúswetter komme. De kempingeksploitant wie dêrtroch benaud dat der flink minder klanten komme soene.

It probleem is no ferholpen en de brêge kin wer gewoan betsjinne wurde, sa seit de provinsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)