Brêge Blauforlaet gefaarlik

29 nov 2007 - 10:36

It kolleezje fan Achtkarspelen freget yn in brief oan Deputearre Steaten om nochris goed te sjen nei de brêge by Blauforlaet. De provinsje is dwaande mei it ferbetterjen fan de grutte dyk tusken Bûtenpost en Surhústerfean. It plan is dat it grutte lânbouferkear aanst oer de paralleldyk moat.

Mar op de Blauforlaetbrêge moatte ek de fytsers oer dyselde paralleldyk. Bewenners en de gemeenteried binne benaud foar gefaarlike situaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)