Brêge Bartlehiem ferhege

26 okt 2007 - 10:53

Tytsjerksteradiel sil meidraaie by it befarber meitsjen fan de Noardelike Alvestêderûte. Dat hat de gemeenteried offisjeel besletten. De gemeente wurket gear mei de provinsje en fiif oare Fryske gemeenten dêr't it alvestêdetrajekt trochhinne rint.

Foar Tytsjerksteradiel betsjut it dat de brêgen by Bartlehiem en dy yn de Wynzerdyk by Oentsjerk ferhege wurde. It folsleine projekt kostet 600.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)