Brêge Aldtsjerk fernield

22 jun 2009 - 10:28
  • De brêge fan Aldtsjerk
  • Ek de betriedding waard fernield

De koartlyn opknapte brêge oan de Sminiawei yn Aldtsjerk is fernield. De slachbeam en de betriedding is stikken makke. Itselde jildt foar de kappe fan it reade stopljocht.

Nei alle gedachten binne de fernielings dien nei ôfrin fan it doarpsfeest. De skea is sa'n 4000 euro. De plysje hopet mei help fan tsjûgen der efter te kommen wa't foar de fernielings ferantwurdlik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)