Breeuwsma pakt brûns en ticket

19 okt 2014 - 12:13
  • Shorttracker Daan Breeuwsma

Shorttracker Daan Breeuwsma fan Aldeboarn pakte sneon it brûns op de 1500 meter by de Invitation Cup yn Thialf. De winst gong nei de Hongaar Sandor Liu Shaolin. It sulver wie foar Jack Whelbourne út Ingelân. Mei it tredde plak wie Breeuwsma de bêste Nederlanner. Hy pakte dêrmei syn earste ticket foar de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City en Montreal.

Favoryt Sjinkie Knegt fan Bantegea komt net yn aksje op de Invitation Cup. Hy is siik. De winner fan it brûns by de Olympyske Spelen hat lêst fan in ynfeksje yn de terms.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)