Breeuwsma abonnemint op brûns

19 okt 2014 - 17:33
  • Shorttracker Daan Breeuwsma

Hy liket in abonnemint te hawwen op it tredde plak: shorttracker Daan Breeuwsma. Nei it brûns op de 1500 op sneon en it tredde plak op de 500 meter snein kaam de shorttracker fan Aldeboarn ek op de 1000 meter as tredde oer de einstreek by de Invitation Cup op It Hearrenfean.

Lang like Breeuwsma ôf te gean op it sulver, mar yn de lêste ronde helle de Ingelsman Jack Whelbourne alles en elkenien yn en pakte ferrassend de winst. It twadde plak wie foar de Hongaar Sandor Liu Shaolin, dy't ek de einwinst pakte by de twadaagse Invitation Cup.

Breeuwsma wie de bêste Nederlanner op plak fjouwer yn it einklassemint. Favoryt Sjinkie Knegt kaam dit wykein net yn aksje om't er lêst hat fan in ynfeksje oan de termen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)