Breehorn makket trochstart

23 des 2011 - 14:59

Jachtwerf Breehorn yn Wâldsein makket in trochstart. De soan fan de oprjochter fan it jachtboubediuw hat de saak oernommen. Sân fan de tsien meiwurkers kinne dêrtroch oan it wurk bliuwe. De oare trije meiwurkers wurde troch de faknûnen holpen om nij wurk te finen. Op 6 desimber waard Breehorn fallyt ferklearre.

De direksje frege sels it fallisemint oan omdat de produksje fan lytsere sylboaten lykas de polyfalk hielendal ynsakke is en de ferkeap fan lúkse jachten dat net opfange koe.

De werf koe gjin kredyt mear krije fan de bank. Breehorn bestiet al 40 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)