Breed ûndersyk nei Ofslútdyk

15 des 2007 - 13:34
  • Grut ûndersyk nei mooglikheden Ofslútdyk

Der komt in ûndersyk nei de takomst fan 'e Ofslútdyk. Fertsjinwurdigers fan Fryslân, Noard-Hollân en it ministearje fan Ferkear en Wettersteat besjogge alle plannen foar de dyk en komme dan mei in advys. Steatssekretaris hat opdracht jûn foar it ûndersyk. Dy kin folle better brûkt wurde, fynt se. Se tinkt dan oan besteande plannen lykas in enerzjysintrale. Mooglik kin it toerisme ek better ûntwikkele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)