Brede stipe foar koartingspas

04 apr 2012 - 22:23

It plan foar in koartingspas foar minima yn Súdwest-Fryslân kin rekkenje op brede stipe yn de ried, sa die woansdeitejûn bliken. De koartingspas moat fergelykber wurde mei de stadjerspas yn Grins of foarhinne de Lauwerspas yn Noardeast-Fryslân.

De gemeente wol minsken mei in útkearing of in leech ynkommen koarting jaan op it museum, it teater of it swimbad. De pas is ek te krijen foar alle oare ynwenners, mar dy moatte der dan foar betelje. Yn de gemeenteried is wol soarch oft der genôch bedriuwen en ynstellings meidwaan wolle.

Ek moat de koartingspas net stigmatisearjend wêze foar minima. Dêrom moatte der genôch minsken meidwaan dy't de pas sels keapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)