Brede skoallen B'him fertraagd

26 mrt 2008 - 11:03

De nijbou fan de brede skoallen fan Akkrum en Grou hat fertraging oprûn. Pas yn it skoaljier 2010-2011 sille se yn gebrûk naam wurde kinne. Dat is in jier letter as pland. De fertraging is ûntstien omdat it ûntwerp net op 'e tiid klear wie.

Boargemaster en Wethâlders hawwe no in stjoergroep ynsteld foar it projekt. De nijbou fan de skoallen wurdt mooglik ek djoerder, mar dat hinget ôf fan petearen mei WoonFriesland.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)