Brede skoalle Fryske Peallen

22 feb 2012 - 09:50

Yn Fryske Peallen wurdt freed de brede skoalle iepene. Dy jout ûnderdak oan de kristlike en iepenbiere basisskoalle. Der is ek romte foar it doarpshûs en it pjutteboartersplak. It idee foar de brede skoalle ûntstie yn 2005, doe't de kristlike skoalle by de gemeente in fersyk die foar in nij gebou.

De gemeente stimde dêr mei yn ûnder betingst dat de mooglikheden foar in multyfunksjoneel gebou ûndersocht waarden. It ûntwerp is makke troch in arsjitekt út Amersfoart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)