Brechtje van der Werf finalist

01 apr 2010 - 21:33
  • Nederlân wint fan Denemarken (foto: Richard Langdon)

Brechtje van der Werf fan Snits hat mei stjoerfrou Renee Groeneveld en Annemieke Bes de finale helle fan it matchracen. By de wrâldbekerwedstriden op Mallorca waard yn de kwartfinale mei 3-2 wûn fan de Deenske boat fan Lotte Melgaard. Yn de heale finale waard it wer 3-2 tsjin it team fan de Amerikaanske stjoerfrou Sally Barkow.

Freed wurdt de finale om de Sofia Cup syld tsjin it team fan de Australyske Nicky Souter. Frjentsjerter Maurice Paardenkooper is coach fan it team.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)