Brecht Kramer 1e by junioaren

12 mrt 2006 - 16:16

Brecht Kramer, suske fan Sven en dochter fan Yep, hat sneontemiddei by de Vikingrace yn Thialf op It Hearrenfean by de famkes junioaren wûn. Nei fjouwer ôfstannen stie se boppe-oan yn it klassemint. Jetske Wiersma waard twad en it tredde plak wie foar Jorieke van der Geest.

Brecht Kramer fan Aldskoat wûn sneon de 1000 meter, de 1500 meter en twa kear de 500 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)