Brecht de Vries krijt haadrol yn ferfilming 'De Smearlappen'

27 jul 2015 - 16:34

De Ljouwerter Brecht de Vries wurdt de haadrolspylster yn de ferfilming fan ''De Smearlappen''. De roman fan de Fryske skriuwer Anne Wadman wie destiids al in grut sukses. It boek soarge foar in soad kommoasje om't der iepenlik oer seks praat wurdt. Brecht spilet de rol fan Eelkje.

De 20-jierrige frou fertelt har libbensverhaal wêryn't har seksualiteit en har relaasje mei har famylje sintraal steane. Derek de Lint spilet de heit fan Eelkje. Hy is bekend fan de films Zwartboek, Gooische Vrouwen en Soldaat van Oranje.

Yn de pilot fan de ferfilming jout de regisseur Ingo Haeb in soad omtinken oan de Fryske taal. Ferskate Fryske partners binne belutsen by de pilot: Tryater, Omrop Fryslân, Tresoar, de NHL en it Friesland College.

De pilot wurdt presintearre op it Noardlik Filmfestival yn Ljouwert. De opnamen foar de komplete film binne pland foar 2016.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)