Brassband yn need op Krystjûn

25 des 2003 - 00:00

Yn Noardburgum is op Krystjûn it optreden fan brassband Bernlef ûnmooglik makke troch twa minsken yn in auto. De brassband stie te spyljen oan de Van Cronenburgerwei, doe't de auto in pear kear op de muzikanten ynried.

De brassband hâlde doe op, mar de auto kaam werom. Ien fan 'e muzikanten moast sels oer in hage springe om net ûnder de auto te kommen. De plysje tinkt dat de auto bestjoerd waard troch in man fan 26 jier út Noardburgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)