Brassband GloriaDeï winner NBK

04 des 2010 - 00:48
  • De NBK winners fan de 3e en 4e divyzje
  • Foto's: Aise van Beets

Brassband Gloria Deï út Strobos en Gerkeskleaster hat freedtejûn by de Nederlânske Brassband Kampioenskippen yn Grins de earste priis helle. Gloria Deï waard mei 90 punten de winner fan de tredde divyzje. De brassband ûnder lieding fan Piet van der Heide spile it ferplichte wurk Rembrandt fan Rodney Newton.

Yn de fjirde divyzje wie brassband Euphonia fan Ternaard mei in twadde plak de bêste Fryske dielnimmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)