Brânwachtwedstriid De Lemmer

31 maaie 2008 - 14:52
  • De brânwachtwedstriid op De Lemmer

Tsien brânwachtkorpsen út hiel Nederlân namen it sneon tsjin inoar op op De Lemmer. Op dizze gewestlike brânwachtwedstriid moasten de korpsen sjen litte hoe't se in ûngelok of ramp oanpakke.

Fan te foaren wisten se net wat se oantreffe soene. Op in boat yn de haven fan De Lemmer wie in ûntploffing ûntstien en brân útbrutsen. Trije persoanen wiene dêrby ferwûne rekke. Foar de brânwacht út Gruttegast wie it de taak om adekwaat te hanneljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)