Brânwachtkazerne Starum iepene

03 des 2010 - 21:50
  • Brânwachtkommandant Frans Stabel

Yn Starum is freedtejûn de nije brânwachtkazerne oan de Meerweg offisjeel iepene. Foarhinne siet de kazerne oan de Voorstraat yn Starum. Dêr hie de brânwacht faak grutte muoite om fuort te kommen, benammen as it simmers drok wie yn de stêd. Fierder foldie de âlde kazerne net oan de ARBO easken.

It hiele yntergemeentlike brânwachtkorps fan Nijefurd en Gaasterlân-Sleat hat no nije of ferboude kazernes krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)