Brânwachtkazerne Hollum iepen

04 sep 2009 - 12:20

Yn Hollum op It Amelân is tongersdei in nije brânwachtkazerne iepene troch boargemaster De Hoop. De nije kazerne foldocht oan alle easken. Der binne sels húskes en dûsen foar froulju. De brânwacht fan Hollum is dêrmei klear foar de earste brânwachtfrou.

It hat sân jier duorre foardat de nije kazerne in feit is. It ûntwerp waard kear op kear ôfkard. De âlde kazerne moast wike foar de nijbou fan it maritym sintrum. Nei de iepening wie der iepen hûs yn 'e kazerne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)