Brânwachtkazerne Eanjum bliuwt

26 sep 2008 - 10:09
  • brânwachtkazerne Eanjum moat bliuwe

De brânwachtkazerne yn Eanjum bliuwt bestean. Dat wol it kolleezje fan Dongeradiel. It CDA hie der fragen oer steld nei oanlieding fan it rapport oer it mooglik ferdwinen fan de frijwillige brânwacht. Boargemaster Baas fan Dongeradiel liet sels witte dat der plannen binne foar in nije kazerne.

Neffens de fakferiening stiet it korps yn Eanjum ûnder druk. Oerdei is de besetting te krap. Der binne te min minsken dy't by de brânwacht wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)