'Brânwachtfrijwilligers hâlde'

30 okt 2010 - 11:33

De FNP yn Boarnsterhim wol dat alle war dien wurdt om ek yn de takomst frijwilligers by de brânwacht te belûken. Boargemaster Baas fan Boarnsterhim hat de ried ferteld dat de posysje fan brânwachtfrijwilligers ûnder druk stiet. De FNP tsjinnet woansdei dêrom in moasje yn mei in oprop oan it kolleezje om foar de frijwilligers op te kommen.

Boarnsterhim wurket oan in fyzje foar de brânwacht. De FNP wol fergoedings en kursussen goed regele hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)