Brânwachten wurkje gear

24 nov 2006 - 17:19

De brânwachten fan de gemeenten Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en Opsterlân sille nauwer gearwurkje. De boargemasters ûndertekenje moandei in regeling dat de brânwachten altyd in offisier fan tsjinst ynroasterje. Dat hâldt yn dat elk korps sa'n offisier ha moat. Troch de gearwurking wurdt it leverjen fan sa'n funksjonaris makliker.

De offisier fan tsjinst koördinearret it wurk by grutte ynsidinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)