Brânwacht wol nije kazerne

28 jun 2003 - 00:00

De brânwacht yn Achtkarspelen moat in nije kazerne yn Surhústerfean ha. Ek de akkommodaasje yn Bûtenpost moat ferbettere wurde. De gebouwen foldogge net oan de easken fan de arbo. Brânwachtkommandant Van der Veen die de oprop freed by it yn gebrûk nimmen fan nij materieel.

In nije kazerne kostet fjouwer euroton. Foarearst hat de gemeente der gjin jild foar. Dochs hopet Van der Veen dat der takom jier al boud wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)