Brânwacht skrikt fan ûndersyk

18 sep 2010 - 15:52

De brânwacht fiert mooglik strangere regels foar de feiligens by brannen yn. Reden dêrfoar is in ûndersyk fan de GGD ûnder plysje- en brânwachtkorpsen yn Noard-Nederlân.

Ut it ûndersyk docht bliken dat it ynasemjen fan reek folle gefaarliker is as tocht. Sels in bytsje reek kin al problemen opsmite mei de luchtwegen. Benammen by it neiblussen wurdt wolris te gau tocht dat it wol sûnder perslucht kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)