Brânwacht rukt om 'e nocht út

13 jan 2011 - 16:39

De brânwacht fan Ljouwert is tongersdei twa kear útrukt fanwege in gaslucht boppe de stêd. De earste kear wie moarns om 8 oere. Nei ûndersyk koe de brânwacht neat ûntdekke. De twadde melding kaam tusken de middei. Minsken yn de buert fan it WTC Expo rûkten in gaslucht.

Nei in skoftke sykjen kaam de brânwacht derachter dat de lucht by it grûnbedriuw TOP oan de Newtonwei weikaam. Dêr waard grûn fan de Gasuny-lokaasje út Eindhoven ferwurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)