Brânwacht rêdt plezierjacht op Sleattemermar

05 maaie 2015 - 16:00
  • De Sleattemermar

De brânwacht fan Balk en Heech hawwe tiisdeitemiddei in plezierjacht fan de Sleattemermar helle. Goed trije oere alarmearre de bemanning de brânwacht omdat se wetter makken. De blusboaten fan Balk en Heech hawwe it skip oan it eigen skip fêst makke en it sa meinommen nei Wâldsein.

De opfarrenden binne mei de skrik frij kommen en de lekkaazje like úteinlik ta te fallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)