Brânwacht rêdt hûn út hûs fol reek nei keukenbrân

11 apr 2016 - 20:13

Yn de keuken fan in wenning oan de Hocquart yn Frjentsjer is moandeitemiddei brân útbrutsen. Der kaam in protte reek frij by de brân. It is noch net dúdlik oft der immen ferwûne rekke is. Der wie wol in ambulânse oanwêzich. In hûn dy't yn de wenning wie, is troch de brânwacht rêden. De oarsaak fan de brân is noch ûnbekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)