Brânwacht pear kear yn aksje

28 okt 2003 - 00:00

In wenning oan de Eesterzijlstraat yn Snits is moandei ôfbrând. In hiel wenblok waard ôfset en de brânwacht moast twa blusauto's en in ljedderwein ynsette. De brân ûntstie yn in sliep- keamer mooglik troch in brânende kears.

Yn Easterwâlde hat moandei in buorman twa hûnen rêden út in brânend hûs. Yn de skoarstien wie brân ûntstien en it hûs rekke doe fol reek. De buorman sloech de ruten yn om de hûnen te befrijen. De bewenners wiene net thús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)