Brânwacht oproppen by gaslek achter soarchsintrum Kollum

11 feb 2016 - 11:28

Der hat tongersdeitemoarn in lytse gaslekkaazje west oan de Tsjerk Hiddesstrjitte yn Kollum. Achter soarchsintrum Meckama State lekte om kertier foar tsienen hinne gas fuort út de grûn. Omdat de wyn net yn de rjochting fan it soarchsintrum stie, smiet dat fierder gjin gefaar op.

De brânwacht fan Kollum is ynsetten. Dy hat de boel yn de gaten holden en oerdroegen oan netbehearder Stedin. Dy hat it lek tichtmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)