Brânwacht: 'oefening útstelle'

08 mrt 2010 - 17:36
  • Brânwacht Fryslân freget de korpsen om dizze dagen net te oefenjen

Brânwacht Fryslân hat de korpsen yn de provinsje frege har oefeningen fan moandei en de kommende dagen út te stellen. Reden is de dea fan in brânwachtman yn Veendam. Dy kaam moandeitemoarn om it libben by in brân by in winkel yn dat plak.

Brânwacht Fryslân freget út respekt foar it slachtoffer pas nei de begraffenis wer oefeningen te hâlden. It is oan de korpsen sels om te besluten oft se dat dogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)