Brânwacht moat wer neiblusse

21 okt 2013 - 06:42
  • Heechwurker fan de brânwacht hellet dingen fan de gevel

De brânwacht fan Ljouwert is moandeitemoarn betiid wer oproppen foar neibluswurksumheden yn ferbân mei de grutte brân yn it sintrum fan Ljouwert dit wykein. Om middernacht hinne wie de brânwacht foarearst opholden mei blussen. Dat wie tritich oeren neidat de brân útbrutsen is en santjin oeren neidat it sein brânmaster jûn wie. It fjoer begûn yn in kleanwinkel. Uteinlik binne fiif winkels en alve wenningen oan de Kelders, de Minnemastrjitte en de Poststrjitte ferlern gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)