Brânwacht mijt Marsumer Aldlân

02 maaie 2003 - 00:00

De brânwacht fan Menameradiel kin eventuele brannen yn it Marsumer Aldlân net mear blusse. De brêge oer de Menamerfeart kin it materieel fan de brânwacht net hâlde. De brânwacht hat de saak oan de gemeente trochjûn.

De brêge is der tige min oan ta, guon dielen binne hielendal fuortrotte. Omwenjenden binne al jierren warber foar in nije brêge. Dy moat lykwols sân ton kostje. Neffens de gemeente moatte de bewenners de helte meibetelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)