Brânwacht komt rinnende oan by skoarstienbrân yn Ljouwert

13 mrt 2016 - 22:33

In skoarstien fan in hûs oan de 2e Koestraat yn Ljouwert hat sneintejûn yn 'e brân stien. De brânwacht wie gau yn de buert, mar koe net goed te plak komme mei de bluswein troch parkearre auto's yn de strjitte. In groepke brânspuiters hat dêrom it lêste stik mar rinnende ôflein. In pear minuten letter kaam ek de spuitauto oan en koe it fjoer blust wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)