Brânwacht it dak op by skoarstienbrân yn Jobbegea

07 des 2015 - 20:54
  • Skoarstienbrân yn Jobbegea

De brânwachtkorpsen fan Jobbegea en Drachten moasten moandeitejûn yn aksje komme by in skoarstienbrân yn Lippenhuzen. De bewenners hiene de brânwacht belle omdat der fonken út de skoarstien kamen.

Mei in heechwurker koene de brânwachtmanlju by de skoarstien komme. Se hawwe in diel fan de skoarstien sloopt, sadat der net opnij brân útbrekke soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)