Brânwacht: huzen fentilearje

06 nov 2009 - 12:04
  • Foto: Jaring Rispens

Freedtemiddei om 12.00 oere hat de brânwacht it alaarm foar it doarp Dronryp fuortendaliks ynlutsen. It gefaar is oer, ferkear fan bûten is wer wolkom yn it doarp.

De brânwacht jout ynwenners fan it doarp it advys om harren wenten en oare ôfsletten romtes foaral sa goed mooglik te fentilearjen. De loft by Dronryp, dy't kontinu metten wurdt troch in mjitploech fan 'e brânwacht, is no wer frij fan skealike stoffen lykas it earder frijkommen salpetersoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)