Brânwacht helpt by stoarmskea

15 feb 2014 - 11:12

De brânwacht yn Fryslân is oant no ta twa kear oproppen om te helpen by stoarmskea. Op It Hearrenfean drigen oan de Antillenstrjitte dakplaten fan in fytsehok te blazen. Omdat dat ticht by it spoar stiet, is de brânwacht oproppen om te helpen by it fêstsetten.

Yn Ljouwert is de brânwacht by in âlde loads oan de Werpsterdyk. Dy driget troch de stoarmige wyn yn te stoarten. Der binne ek fersiken om help kaam út Harns en Surhústerfean. De provinsje betsjinnet de brêgen foarearst ek net mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)