Brânwacht hellet twa minsken út brânend hûs op De Lemmer

15 maaie 2015 - 10:26
  • Brânwacht

De brânwacht op De Lemmer hat freedtemoarn twa minsken út in brânende wenning helle. Buorlju fan it hûs oan de Langestreek ûntdutsen de brân en warskôgen de helptsjinsten. Dy rukten manmachtich út fanwege de minsken yn it gebou. Doe't dy der út helle wiene, waard ôfskaald om't de brân gau ûnder kontrôle wie.

Ek de traumahelikopter dy't oproppen wie, koe werom nei it sikehûs yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)