Brânwacht hat nije jarrepakken

23 jan 2009 - 17:06
  • It nije jarrepak fan ´e brânwacht
  • en it âlde jarrepak

De brânwacht fan Skarsterlân hat fjouwer nagelnije jarrepakken, dy´t in ûnderhâldsmeiwurker sels ûntwikkele hat. It jarrepak beskermet it azemluchttastel, dat nedich is by it rêden fan fee út de jarrekelder.

It foardiel is dat it luchttastel no net mear sa freeslik smoarch wurdt by it wurk, lykas by it âlde pak. It pak is ûntwikkele troch Hein van Dijk yn gearwurking mei in bedriuw út Middenbeemster. Oare brânwachtkorpsen ha ek al nije jarrepakken besteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)