Brânwacht hat bannen ferfongen

06 jun 2003 - 00:00

De brânwacht yn Fryslân hat ferline jier alle bannen fan brânwachtauto's ferfongen. Dat barde nei oanlieding fan in 'bijna-ongeval' wêrby in auto in klapbân krige. De brânwacht hie dêrnei gjin betrouwen mear yn de kwaliteit fan de bannen fan de oare auto's.

Nei alle gedachten wurde bannen fan brânwachtauto's minder om't se hast gjin kilometers meitsje en lang stil steane. De Fryske brânwacht hat ek oare korpsen op 'e hichte brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)