Brânwacht giet digitaal

13 sep 2010 - 22:36

De brânwacht yn Fryslân hat troch in nij digitaal systeem aanst alle ynformaasje oer gebouwen, auto's en diken paraat. Dat moat it wurk fan de brânwacht feiliger en makliker meitsje. It giet om in laptop dy't yn ferbining stiet mei in database. Derút kinne gegevens helle wurde oer bygelyks in auto. Sa witte brânwachtminsken wêr't in airbags of akku yn in auto sit. Yn itselde apparaat kinne ek de berikberenskaarten opslein wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)