Brânwacht: foarsichtich mei earste kear barbecueë

10 jun 2015 - 14:03
  • Barbecue

De brânwacht Fryslân warskôget om foarsichtich te wêzen wannear't minsken dizze dagen foar it earst wer de barbecue oanstekke. It ôfrûne wykein rekken sân minsken yn Nederlân ferwûne troch in ûngelok mei in barbecue. Der moat benammen sjoen wurde nei de feilichheid troch bygelyks gjin spiritus of benzine te brûken.

Ek rinne bern gefaar as se te tichtby de barbecue komme. Foar in gasbarbecue jildt dat de slange goed kontrolearre wurde moat. Ien fan de wichtichste tips is om nei it barbecueën de restanten net yn de kontener te smiten.

Der kin noch fjoer yn de restanten sitte wêrtroch't der brân yn de kontener ûntstean kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)