Brânwacht dielt reekmelders út

02 feb 2013 - 12:27
  • De brânwacht yn aksje yn Bilgaard

De brânwacht Ljouwert is sneon útein set mei it útdielen fan reekmelders yn de wyk Bilgaard. Groepkes jongeren sille de kommende wiken yn opdracht fan de brânwacht alle doarren by del om de reekmelders te kontrolearjen, op te hingjen of ôf te jaan. Wa't noch net ien hat, kin der fergees ien krije.

De brânwacht docht dat omdat in soad minsken noch gjin reekmelder ha, wylst dat de feilichheid bot ferheegje kin. De brânwacht die sneon by de offisjele start in reekdemonstraasje, wêrnei't boargemaster Ferd Crone de earste reekmelder ophong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)