Brânwacht De Lemmer by plysje

20 jun 2010 - 09:58

Op De Lemmer wurdt ûndersocht oft de brânwacht ûnderbrocht wurde kin by it plysjeburo oan de Strjitwei. Mooglik komt der ek in stânplak foar de ambulânse.

De gemeente wol tusken no en trije jier in nije brânwachtkazerne bouwe. De besteande kazerne oan de Pampusstrjitte is bot ferâldere. De gemeente is no drok oan it sjen nei in nije kazerne, op in better plak. It plysjeburo stiet no al foar in part leech en soe geskikt wêze kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)