Brânwacht De Jouwer nei Meppel

18 jan 2013 - 11:26

De brânwacht fan De Jouwer hat yn de nacht fan tongersdei op freed holpen by it bestriden fan de grutte brân yn in eardere slachterij yn Meppel. De brân waard in oere as njoggen jûns ûntdutsen. Der wiene meardere korpsen nedich om it fjoer út te krijen.

De brânwacht fan De Jouwer rukte út mei de dompelpomp en in spuitauto. Dy waard ynset om foar te kommen dat it fjoer oersloech nei in hûs njonken de slachterij. De pomp is brûkt om meardere spuitauto's fan wetter te foarsjen.

Dat krekt de brânwacht fan De Jouwer nei Meppel moast is omdat it korps dêr sa'n dompelpomp hat. Net elke brânwacht hat dy, se binne ferdield oer de regio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)