Brânwacht bliid mei twitter

28 feb 2014 - 12:57
  • Brânwacht bliid mei twitter

De Feiligensregio Fryslân is sûnt twa moanne aktyf op twitter en dat foldocht poerbêst. Dat seit Anthony Hoogeveen fan de brânwacht. Minsken wurde goed op de hichte hâlden fan wat der bart. Boppedat kin de brânwacht mei twitter maklik warskôgje foar gefaarlike situaasjes.

Ferskate brânwachtkorpsen yn Nederlân melden freed dat twitterjen foar in soad ekstra ramptoeristen soarget. Hoogeveen fynt dat dêr gjin sprake fan is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)