Brânwacht befrijt klusser út heechwurker

21 jan 2016 - 16:03
  • De meiwurker siet in skoft fêst yn it heechwurkersbakje

In meiwurker fan ynfratechnykbedriuw Pol is tongersdeitemiddei befrijd út in heechwurker yn Kollumersweach. De man die ûnderhâld oan in lantearnepeal, mar doe't er wer nei ûnderen woe, gie de heechwurker stikken. Hy siet doe in skoft opsluten yn it bakje, heech yn de loft.

De brânwacht moast útrukke om de man te befrijen út it bakje mei in heechwurker die't it wol die. It is noch ûndúdlik wêrom't de heechwurker fan it bedriuw tsjinst wegere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)