Brânwacht befrijt kat út auto

20 sep 2014 - 16:28
  • De brânwacht kaam der oan te pas om de kat te befrijen

In kat is sneontemiddei earnstich ferwûne rekke, doe't it bist fêst siet yn de distribúsjerym fan in auto. De eigener kaam der achter doe't er in nuver lûd hearde, doe't er de auto besocht te starten. Omdat it de minsken fan de diereambulânse net slagge om de kat te befrijen, waard de brânwacht ynskeakele. Ek de brânwacht hie de nedige muoite om it bist fan it motorblok te lûken.

De kat waard nei de bistedokter brocht mei in ferbrizele poat. It bist seach noch wol kâns om in brachtwachtman iepen te klauwen.

De bestjoerder fan de auto wie lulk dat de brânwacht trochpakte sûnder de kat earst te ferdôvjen, mar neffens de brânwacht wie dat net mooglik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)